Ynterview G. v.d. Meer

Tony Feitsma tusken har boeken

Fryslân lit jubilaris net los

TONY FEITSMA RJOCHTET NIJ FÛNS OP OM FRYSK TE STYPJEN
Tony Feitsma waard 18 jannewaris tachtich jier. De wittenskipper hat tal fan publikaasjes op har namme stean, tagelyk hat se har hiele libben aktyf west yn it Frysk kulturele libben en keas dúdlik stelling. Fryslân giet  har oan it hert. By har jierdei waard in nij fûns presintearre om nije Frysk-kulturele inisjativen te stypjen.

Troch Gerbrich van der Meer.

 

It is stil as ik by de foardoar fan Tony Feitsma stean. In grut ljochtskerm slút it keamersrút ôf, in gerdyn is foar it rút neist de foardoar skood. As ik oanbelle haw, wachtsje ik rêstich ôf. Dan wurdt it gerdyn fan siden skood en de doar iepene. “Goh”, seit Tony Feitsma, “Ik wie it hielendal fergetten datst komme soest, mar kom fierder. Ik bin altyd thús.” Mei har rollator giet se my foar nei de keamer. Benijd sjoch ik om my hinne. Yn dizze húskeamer meitsje boeken de tsjinst út. Boeken yn boekekasten, steapels boeken op stuollen, boeken yn kartonnen doazen, boeken op tafels mei dêrboppe allegearre kranteknipsels. Foar yn de húskeamer stiet in opmakke bêd, efteryn in grutte reade stoel, mei dêrneist in âld buro dêr’t in hippe Apple-kompjûter op stiet. “Gean dêr mar sitten”, seit se, wylst se my de swart learene stoel wiist. Sels lit se har glide yn de readfloersen stoel. As in grande dame sit se dêr tusken har boeken: de wittenskipper dy’t jierrenlang bûtengewoan heechlearaar wie oan de VU yn Amsterdam; de wittenskipper foar wa’t studearje en publisearje deistich brea wie en eins noch is. ,,Nee”, laket se, ,,kinst yndied wol sizze dat dit net in trochsneed húskeamer is fan in tachtiger. No’t it buro, de kompjûter en it bêd ûnder stean, is it allegear ek wer in
stik krapper wurden.” Dat hat alles te krijen mei de beroerte dy’t se in pear jier lyn krige. ,,Ik hie boppe ek in hiel steal boeken stean. Nei myn krupsje moast it hiele saakje byinoar helle wurde en nei ûnderen brocht.” Har geast is noch sterk, ,,hoewol’t ik wol folle mear ferjit of fergetten bin.” It lichem wol lykwols net mear goed; se moat har rêde mei de rollator. ,,Dêrom lit ik it ljochtskerm mar sitte salang’t it sinneskyn waar is. Oars moat ik wer hielendal bûtenom.” Ekstra help kriget se fan de thússoarch. It hûs komt se amper mear út.

Al dy boeken om har hinne passe har oars wol. ,,Nei de opkomst fan de kompjûter binne hiel wat fan dizze boeken folle minder wurdich wurden, mar ik fyn it lêzen fan boeken no ien kear moaier as it lêzen út de kompjûter wei.” Boppe stiet ek noch in keamer fol boeken. ,,Ja, dêr kom ik noch wol”, seit se. ,,Ik haw in treplift. Dy is hiel handich as ik nochris in boek yn sjen wol.” En der sit ek seker systeem yn al dy boeken dy’t ferspraat stean en lizze yn de húskeamer. ,,Hjir kin ik alles wol fine. Boppe wurdt dat wat minder. Mar ik kin se noch wol fine as it nipt” – se laket – ,,oars fyn ik se per ûngelok wol wer werom.”

 

Plusseleksje

Tony Feitsma waard berne as Anthonia Feitsma op 18 jannewaris 1928 op in pleats yn Brantgum. Dêr groeide se op mei har twa âldere broers Feije en Jaap. Se wie fjouwer doe’t de famylje ferfear nei Noard-Hollân, nei Middenmeer yn de Wieringemar. Har heit dy’t earst in mingd bedriuw hân hie, gie oer op de bou. Earst as setboer, letter wie er eigen baas op in mânske boupleats. De fiertaal thús wie Frysk. ,,Dat spruts fansels”, seit se. Ek Fryslân bleau har hiem. Yn de fakânsjes wie se faak te finen by har famylje yn de Wâlden. Nei it gymnasium yn Alkmaar, dêr’t se yn de oarlochsjierren in kostadres hie, slagge se nei Amsterdam. Dêr studearre se Frysk, Deensk en Frânsk oan de UvA. ,,Myn earste ynteresse wie it Frysk”, fertelt se. Deensk en Frânsk wiene stúdzjes dy’t derby kamen. ,,Je moatte ommers ek wat dingen dwaan dy’t wat tichterby it kostfertsjinjen sitte.” Wêrom har hert by de stúdzje Frysk lei? ,,No”, seit se beret, ,,dat wie sa. It hie gewoan myn ynteresse. Jo moatte net ferjitte dat minsken dy’t Frysk studearje in plusseleksje is. In soad brea  sit der ommers net yn, se dogge it omdat se der séls belang by hawwe.” Se hie sels ek noait tocht dat se der yn de santiger en tachtiger jierren as heechlearaar de kost mei fertsjinje soe. De Fryske kultuer wie der thús mei de brijleppel yngetten. ,,Wy wiene op ús manier wat Frysksinnich”, fertelt se. Us heit en mem wiene lid fan it Bûtenbûn, it bûn fan Friezen om utens. Us mem die ek mei oan de boekeferkeap fan it bûn. Sadwaande leine der altyd in soad Fryske boeken thús. Dan gie ik faak efkes op souder sitten om sa’n boek te lêzen.” Nei har stúdzjes gie Feitsma earst op ‘e ryks-hbs yn Harns oan ‘e slach as learares Frânsk. Fiif jier letter krige se in oanstelling as wittenskiplik meiwurker oan it Frysk Ynstitút, dat ûnder lieding stie fan Jelle Brouwer, letter Wybren Jan Buma.

 

Jiddyjefte

Nei it ferstjerren fan professor Klaas Fokkema, heechlearaar Frysk oan de Vrije Universiteit, waard Feitsma yn 1968 wittenskiplik haadmeiwurkster oan de VU, tagelyk mei Hendrik Meijering. Tony Feitsma lei har ta op de Nij- en Middel-Fryske taal- en letterkunde. Germanist Meiering op it Aldfrysk, Goatysk en Aldsaksysk. Seis jier letter promovearren beide  meiwurkers cum laude oan de VU en waarden bûtengewoan heechlearaar. Bûtengewoan? ,,Och dat is neat bysûnders, hear. Ik wie gewoan heechlearaar yn dieltiid. Dêr sjocht men no net mear oars fan op.

Mar dat wie doe wol oars.” Tony Feitsma hat mannich publikaasjes op har namme stean. Se bestudearre it midfrysk fan Gysbert Japix, se skreau yn wittenskipsblêden oer de sosjale skiednis fan it Frysk, oer syn taalskiednis, oer de frisistyk, mar ek oer taalkundige fraachstikken. Oft der in reade tried te finen is yn al har publikaasjes? “Earlik sein, bin ik dêr ek wol benijd nei. Mar dy kinst allinnich mar fine ast alles op in rychje setst. Op dit stuit bin ik al myn publikaasjes oan it sammeljen. Doe’t ik fyftich waard hawwe studinten en kollegae fan my in bibliografy mei skriften fan my útjûn. Jiddyjefte hiet it.

Dêr steane net allinnich myn publikaasjes yn, mar ek ynstjoerde stikken, kranteartikels. Ik bin no sels dwaande om myn publikaasjes te selektearjen op wittenskiplike wearde. Publisearre artikels yn De Stiennen Man lit ik bygelyks sitte.”

 

Fonologyske stavering

In reade tried hat se noch net fûn. Se pakt de rollator en rint nei in grutte doaze ta. “Sjoch, dit binne allerhande publikaasjes fan my.” Se pakt in boekje mei de titel Frysk ûnderwiis, taalbefoarderingsideology yn de earste helte fan de 19e ieu. ,,O ja, en dizze kaam dêrnei.” Se jout my it boekje Obe Postma, un tachtiger yn Fryslôn. ,,Postma is op dit stuit nochal yn de moade”, mimert se. ,,In pratende dichter neam ik him, in echte filosoof. Nee, ik haw net in soad skreaun oer dichters. Taalkunde wie myn terrein.

Mar Postma wie in hiel ynteressant útstapke.” De titel fan de publikaasje is fonologysk opskreaun. Dêrmei makke se by de útjefte yn 1981 dúdlik in statement. Yn 1980 wie der in nije stavering kommen, dy’t fuortborduere op de âlde stavering út 1948. Tony Feitsma hie der lykwols foar ivere om te kommen ta in fonologyske fariant. ,,Fonologysk is wat oars as fonetysk”, leit de wittenskipper út. ,,Ast in taal fonetysk opskriuwst, skriuwst wurden op sa’tst se hearst. De fonology besiket lykwols de ûnderlizzende taalkundige struktueren bleat te lizzen. Nim it wurdsje ‘read’. Do seist in ‘t’, mar do skriuwst in ‘d’. By it wurdsje ‘wiet’, seist in ‘t’ en skriuwst in ‘t’. As ik no fonetysk skriuwe soe, soene beide wurden einigje op in ‘t’, as ik lykwols de ûnderlizzende taalkundige struktueren bleat lizze wol, dus fonologysk te wurk gean wol, skriuw ik ‘read’ mei in ‘d’ omdat ik weethaw fan it wurd ‘reade’.” In taalsysteem kinne jo better útdrukke yn in fonologyske stavering, fynt Feitsma. ,,As je it skriuwen tichter by it praten bringe, krije jo it ienfâldiger. Dêrtroch kinne je it ek hiel maklik skriuwe. Der binne hast gjin útsûnderings en nije wurden kinst sa yn it fonologyske systeem opnimme.” Doe’t ein jierren santich de diskusje heech oplôge, bleau Feitsma net yn de ivoaren toer fan de wittenskip sitten, mar die ferheftich mei. ,,Ja”, seit se, ,,ik haw my der wol drok om makke, en it muoit my noch altyd dat dy ûnsystematyske stavering it wûn hat. Dat hat alles te krijen mei emoasje. ,,Minsken fiele
stavering it meast oan as ‘it hat sa west en it moat sa bliuwe, want dat heart by it Frysk’. Dy emosjonele reaksje hat de ûntjouwing fan de stavering yn 1980 ek yn it paad stien.”

 

Halbertsma

In lytse read triedsje yn al har publikaasjes is fêst de persoan fan Joast Hiddes Halbertsma (1789, Grou – 1869, Dimter), mennistedûmny en taal- en letterkundige, waans taalkundich wurk se op dit stuit ek wer bestudearret. ,,Ja, dy man yntrigearret my o sa”, seit se, ,,in hiel nijsgjirrige man. Mei syn wurk soe ik noch wol jierren fierder wolle. Hy hat hiel ynteressante dingen oer it Frysk skreaun, wie ek o sa ynteressearre yn folksferhalen. Mei syn jongere bruorren Eeltsje, Tsjalling en Binnert hat er Rimen en Teltsjes skreaun, in folksboek grôtfol mei ferhalen en gedichten. Oér de folksferhalen hat er ek wer hiel nijsgjirrige skôgings skreaun.”

“En wat te tinken fan syn bysûndere oersetting fan it Matteüsevangeelje, dy’t ik brûkt haw by myn publikaasje oer it ferbân tusken de reformaasje en de folkstaal. Yn de njoggentjinde ieu binne der nochal wat boeken yn it Frysk oerset. Dêr waard deftich Frysk foar brûkt. Halbertsma hat besocht it Matteüs-evangeelje yn de taal fan it folk te skriuwen. Dat wie hiel bysûnder. Hy wie syn tiid fier foarút, soene wy no sizze. We sjogge dat se dêr yn de oersettings fan de bibel hjoeddedei ek folle bewuster mei dwaande binne.” Feitsma dy’t no al goed tritich jier yn Grou wennet, wie ek op oar mêd drok dwaande foar it Frysk en syn kultuer. Se hat jierren yn it bestjoer fan de ferline jier opdoekte Koperative Utjouwerij sitten. As foarsitter sette Feitsma yn 1964 de Frysk Nasjonale Partij mei op poaten. “Ja, kinst wol sizze dat ik aktivistysk wie”, seit se.

 

Netwurkjen

Oft se in idee hat wat har posysje yn Fryslân is? ,,No, earlik sein is my dat net alhiel helder. Ik nim wol oan dat net eltsenien my akseptearret. Mei dy staveringskwestje meitsje jo gjin freonen. Dat wie wol oars mei dy boekeaksje. Ik haw my doedestiids bekroade om de útferkeap fan boeken dy’t de bibleteken fan doel wiene om te dwaan. Je kinne ommers net samar publyk besit ferparte. No, dêr wie de publike opiny it wol mei iens. Dy aksje wie dus in grut súkses foar ús ynisjatyfnimmers, mar ik hie ek wol aksjes dêr’t net eltsenien wiis mei wie. No ja, it rint sa it rint”, seit se. ,,En ik meitsje no ienkear ek net sa’n soad reklame foar mysels.” Se laket: ,,Ja júst, ik bin net sa oan it netwurkjen.

”Om de taal dy’t se altiten bestudearre hat te stimulearjen, hat Feitsma koartlyn mei wat oare minsken in nij fûns oprjochte. Dat fûns wol it brûken fan it Frysk yn it deistich libben stypje. ,,Benammen projekten dy’t net yn de beneaming komme foar subsydzje troch de reguliere kanalen, kinne in bydrage krije”, seit Feitsma. ,,Wy wolle nije plannen graach op gong helpe.” It earste projekt – simmerkampen op de folkshegeskoalle op Skylge foar jongerein om Frysk te learen – wie in sukses en is al oernommen troch de Provinsje. De website fan stichting Pjut is ek mei help fan har fûns makke. Fierders stipe it fûns ek al in twatalige útjefte mei gedichten fan Sjoerd Spanninga. Oer de takomst fan it Frysk is Feitsma dûbel. ,,Mindertallen binne op dit stuit mear yn ‘e moade as foarhinne.

De status fan it Frysk hat ek noch noait sá geweldich west. Oan ‘e oare kant hat de taal in swiere sile te lûken. As fansels giet de standing fan it Frysk efterút.”

Fotobyskrift: As in grande dame sit se dêr tusken har boeken: wittenskipper Tony Feitsma dy’t jierrenlang bûtengewoan heechlearaar wie oan de VU yn Amsterdam; de wittenskipper foar wa’t studearje en publisearje deistich brea wie en eins noch is. Foto: Frans Andringa

cultuurredactie Friesch Dagblad / Het goede leven