Oanrikkemendaasje

It Feitsmafûns hat in kommittee fan oanrikkemendaasje. Dat kommittee bestiet út:

Arno Brok

Arnoud Adrianus Maria Brok is berne yn Leerdam (1968) Hy is Kommissaris fan de Kening yn Fryslân. Earder wie hy wêthâlder fan Ljouwert en boargemaster fan Snits en Dordrecht.

“Ik haw altyd in soad respekt hân foar prof. Feitsma. It is foar my in grutte eare om lid te wêzen fan it kommittee fan oanrikkemendaasje fan it Feitsmafûns”

 

 


Bertus Mulder

Bertus Mulder is berne op 6 maaie 1949. Hy wennet op it stuit yn Feanwâlden. Mulder wie 12 jier deputearre foar (û.o.) kultuer yn Fryslân en foarsitter fan de gebietsûntwikkelingskommisje Sintrale As.

Frysk komt in goed plak ta yn in demokratysk Fryslân”

 

 


Jabik Veenbaas

Veenbaas wennet hjoeddeis yn Castricum, mar is yn 1959 berne te Hilaard. Hy is dwaande as oersetter en skriuwer. Hy publisearre û.o. de ferhalebondel de “de wite ûle”. (2006)

“It Feitsmafûns set him yn foar de Fryske kultuer troch it finansjeel stimulearjen fan projekten, en leveret sa in lytse mar wichtige bydrage oan it bewarjen fan dy kultuer.”

 

 


Simone Scheffer

Simone Scheffer is berne yn 1965 en presentatrise by Omrop Fryslân. Altyd as ik op fakânsje west ha en weromriid oer de Ôfslútdyk makket myn hert altyd in spronkje nei sa’n 11 kilometer. Dan bin ik wer yn Fryslân. It jout oan hoe bliid at ik bin dat ik yn Fryslân wenje. It flakke lân, de kultuer, de sport en de minsken. En… fansels de taal!

“Pas ast dyn eigen kultuer en achtergrûn koesterest, kinst dy fan in oar begripe”

 

 
Henk Kroes

Kroes is berne yn Terkaple yn 1938. Hjoed wennet er yn Boazum. Kroes makke fansels grutte bekendheid as âld-foarsitter fan de Feriening de Friesche Elf Steden, mar wie ek direkteur fan It Fryske Gea.

“Yn de taal dêr’t ik mei opgroeid bin, de taal fan ús mem, fiel ik my thús, leit myn djippe emoasje.”

 


Tsead  Bruinja

Tsead (yn syn paspoart Tjeerd Pieter) is berne yn Rinsumageast. (1974) Hy wurket op it stuit as dichter, presentator, ynterviewer, oersetter, workshopdosint en  performer.

“As jonge woe ik graach Ingelsk skriuwe en dat die ik, mar it wie net earder as doe’t ik foar it Frysk keas dat myn wurk echt wearde kriich. It skriuwen yn it Frysk hat my net allinnich artistyk wat jûn mar my ek tichter by mysels brocht.”

 


Reinier Salverda

Prof. Dr. R. Salverda (Arnhim, 1948) wie ferbûn oan de Fryske Akademy yn Ljouwert, honorary professor oan it University College London en redakteur by “Ons Erfdeel”.

“De Fryske taal is it musikaal ‘behang’ út myn jonge jierren, dat in waarm plakje yn myn hert hat. As ik oan Tony tink, sjit my altyd as earste har fraach yn it sin: ”Sis Salverda, wêrom sitsto net by my op kolleezje?”

 


Hanno Brand

Hanno Brand (Gouda 1959) is histoarikus en sûnt 2009 ferbûn oan de Fryske Akademy, dêr’t er yn 2013 beneamd is ta direkteur –bestjoerder. Earder wie er ferbûn oan de universiteiten fan Leiden, Gent en Grins en oan it Dútsk Histoarysk Ynstitút yn Paris.

“As meiwurker fan de Fryske Akademy haw ik niget oan de Fryske taal en kultuer ûntwikkele en in grutte wurdearring foar it wurk fan Tony Feitsma krige. Om dizze reden beskôgje ik dit lidmaatskip  as in prachtige kâns om de Fryske taal en kultuer te stypjen.”