Petysje Fryske Akademy

Op woansdeitemoarn 16 septimber hat drs. Redbad Veenbaas, vice-foarsitter fan it Feitsma Fûns, de petysje “Koerts fan de Fryske Akademy 2020-2023” oanbean oan kommissaris fan de Kening Arno Brok. Dy petysje is troch mear as hûndert minsken ûnderskreaun.

Direkte oanlieding ta de petysje wie it fraachpetear mei de foarsitter fan de sollisitaasjekommisje foar in nije direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy op Omrop Fryslân. Dêryn bewearde prof. A. Visser dat de kommisje yn Fryslân gjin geskikte kandidaten fûn hie en dat dêrom no útdruklik socht wurdt nei in top-wittenskipper om utens wei.

De opstellers en de ûndertekenders fan de petysje binne fan betinken, dat de nije direkteur-bestjoerder fan  de Fryske Akademy net allinnich in goede wittenskipper wêze moat, mar benammen ek goed funksjonearje kinne moat yn de bestjoerlike ferhâldings yn Fryslân en Nederlân.

De jierrenlange, iensidige klam fan de KNAW op wittenskiplike kwaliteit hat net goed west foar de ynbêding fan de Fryske Akademy yn de Fryske mienskip en yn de Fryske netwurken fan ûndersyksynstituten en ûnderwiisynstellings yn Fryslân.

De petysje ropt Deputearre Steaten op om mei faasje goede stappen te setten om de Fryske Akademy yn de BFTK 2023 in garandearre plak te besoargjen, dat rjocht docht oan de doelen dêr’t de Fryske Akademy yn 1938 foar oprjochten is.