Stipe Oanfreegje

De oanfraach moat fia it ûndersteande formulier yntsjinne wurde. De taheakken by de oanfraach, lyk as projektplannen, kinne jo uploade. Wy ferwachtsje yn elts gefal dat jo in projektbegrutting, wêr’t ek de frege bydrage yn stiet.

It bestjoer docht binnen twa moanne nei de oanfraach útspraak oft de oanfraach honorearre wurdt. De oanfreger krijt hjir berjocht fan.

It jild wurdt oermakke yn twa fasen:

  1. 80 % by it begjin at it bestjoer de oanfraach goedkard hat en de oanfreger alle betingsten ûnderskreaun hat.
  2. 20 % nei ôfrin as oan alle betingsten is foldien.

De oanfreger ferplichtet him om:

  • de namme fan it Feitsma Fûns wer mooglik te neamen
  • in ynhâldlik ferslach te stjoeren, mooglik mei foto’s/filmkes en links foar de webside fan it Fûns
  • in finansjele ferantwurding te stjoeren
  • yn gefal fan in publikaasje 2 presinsje-eksemplaren oan it Fûns te jaan
  • yn gefal fan in foarstelling 2 tagongsbewizen oan it Fûns te jaan
  • it jild werom te stoarten c.q. it net (fierder) op te easkjen, as de ôfspraken net of net foldwaande neikommen binne

 

Oanfraachformulier Fûûns fwar it Frysk

Gegevens projekt

Oanfreger

Oare ynformaasje


Mei te stjoeren dokuminten