Stipebetingsten

It bestjoer docht binnen twa moanne nei de oanfraach útspraak oft de oanfraach honorearre wurdt. De oanfreger krijt hjir berjocht fan.

 

It jild wurdt oermakke yn twa fasen:

  1. 80 % by it begjin at it bestjoer de oanfraach goedkard hat en de oanfreger alle betingsten ûnderskreaun hat.
  2. 20 % nei ôfrin as oan alle betingsten is foldien.

 

De oanfreger ferplichtet him om:

  • de namme fan it Feitsma Fûns wer mooglik te neamen
  • in ynhâldlik ferslach te stjoeren, mooglik mei foto’s/filmkes en links foar de webside fan it Fûns
  • in finansjele ferantwurding te stjoeren
  • yn gefal fan in publikaasje 2 presinsje-eksemplaren oan it Fûns te jaan
  • yn gefal fan in foarstelling 2 tagongsbewizen oan it Fûns te jaan
  • it jild werom te stoarten c.q. it net (fierder) op te easkjen, as de ôfspraken net of net foldwaande neikommen binne